Bystânsfroulju sykje rike man

08 jun 2010 - 15:17

Dongeradiel en Dantumadiel wolle minsken dy't yn de bystân sitte oan in libbenspartner helpe. Earst krije de kliïnten in klean- en stylingadvys. In besite oan de kapper heart der ek by. Dêrnei besiket relaasjebemiddelings-buro Mens en Relaasje in passende partner te finen.

Doel is dat de nije libbenspartner de man of frou dy't yn de bystân sit dan ûnderhâlde kin. Dat skeelt de gemeente jild. De Kliïntenried Dongeradiel is furieus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)