Auto tsjin beam op by Marsum

De brânwacht moast de frou út de auto helje (foto: Anton Kappers)
In ûnbekende frou is tiisdeitemiddei slim ferwûne rekke by in ûngelok op de sneldyk tusken Ljouwert en Marsum. De frou ried troch noch ûnbekende oarsaak mei hege snelheid tsjin in beam. Sy moast troch de brânwacht út de auto helle wurde.
De frou is dêrnei oerbrocht nei it sikehûs. By de helpferliening waard ek in helikopter mei in medysk team út Grins ynset.