Gjin ekstra jild Hûs en Hiem

08 jun 2010 - 13:38

De gemeente Achtkarspelen is tsjin in hegere bydrage oan de provinsjale wolstânsorganisaasje Hûs en Hiem. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fynt dat it advysorgaan sels besykje moat om syn kosten yn de hân te hâlden. Seker no't gemeenten sels besunigje moatte.

Hûs en Hiem is in gearwurkingsferbân fan tritich Fryske gemeenten, wêrûnder Achtkarspelen, It advisearret oer bouplannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)