Ron Jans folge kursus Frysk

Ron Jans learde ek it Frysk folksliet
De nije haadtrainer fan SC Hearrenfean, Ron Jans, hat in stoomkursus Frysk folge. Jans krige les oer de skiednis en kultuer fan Fryslân, it Frysk folksliet en fansels de taal.
Neffens in wurdfierder fan it taalburo dêr't Jans en syn frou de kursus Frysk folge hawwe, hawwe se dy mei goed gefolch ôflein. Jans wie yn it ferline sels dosint Dútsk.