Undernimmers optimistysker

Undernimmers yn it Noarden binne wer wat optimistysker oer de ekonomy. Dat docht bliken út it in grutte enkête fan ûnder oaren de Keamer fan Keaphannel en it bedriuwslibben. Foar it earst sûnt lang binne der mear ûndernimmers dy't in hegere omset ferwachtsje as in legere.
Mear as 30 prosint tinkt dat it dit fearnsjier better gean sil en 14 prosint tinkt dat net. Lanlik binne de ûndernimmers noch wol wat positiver as de minsken hjir yn it Noarden.