Boetes foar lânbouferkear
De plysje hat de ôfrûne wiken tachtich boetes útdield by ferskate kontrôles op lânbouferkear. Mei elkoar kontrolearre de plysje goed 480 lânbouweinen. Yn de measte gefallen wie de belading net op oarder.
By oare weinen wie de ferljochting net goed of ûntbrutsen de spegels. Neist de 80 boetes, dielde de plysje ek noch hast 75 warskôgingen út.