Aksje tsjin wurd 'kanker'

Fiif learlingen fan it Piter Jelles Montessori yn Ljouwert komme yn aksje tsjin it ferkearde gebrûk fan it wurd kanker. In learling fan de skoalle hat de sykte hân. Doe't se siik wie foel it har en har freonen op dat minsken faak it wurd kanker op in ferkearde wize brûke.
Mei stipe fan de stifting RiLaX, bekend fan de slogan 'kanker verziekt je taal' sille de learlingen besykje harren skoalgenoaten bewust te meitsjen fan harren taalgebrûk.