Ljouwerter slogan gjin priis

07 jun 2010 - 22:03

De kampanje 'Kijk dat is het mooie van Leeuwarden' is yn Haarlem krekt bûten de prizen fallen by de Nationale Citymarketing Trofee. Ljouwert wie ien fan de fiif gemeentes dy't nominearre wie foar de priis. Dy waard dit jier foar it earst útrikt.

De trofee wurdt útrikt oan de gemeente mei de bêste marketingkampanje. De nominaasjes wiene basearre op stimmen fan boargemasters út hiel Nederlân. Yn de kategory plakken oant 100.000 ynwenners krige úteinlik Assen de priis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)