Foarsitter stimburo stapt op

Sake Janse is it net iens mei de identifikaasjeplicht
Foarsitter Sake Janse fan it stimburo Jirnsum stapt op om prinsipiële redenen. Want hy is it folslein ûniens mei de identifikaasjeplicht. dy 't dit jier ynfierd is. Hy soe it hielendal net slim fine as mear minsken syn foarbyld folgje.
Neffens Janse fertrout de oerheid de boarger net mear en oarsom is it ek sa. De identifikaasjeplicht soe dat allinnich mar mear fersterkje. Ek fynt er it mar neat dat je kunde of famylje freegje moatte har te identifisearjen.