Amper noch kninen op Skier
Op Skiermûntseach komme amper noch kninen foar. Wiene der sa'n fjirtich jier lyn noch tsientûzenen kninen op it eilân te finen, no wurde der noch mar in pear hûndert sjoen. Dat komt allegear troch twa sykten dy't mar net oergean.
It gebrek oan kninen hat ek gefolgen foar de begroeing op it eilân. Wat de kninen net opfrette, moat no op in oare wize opromme wurde.