Hearrenfean begjint betiid

Elyounoussi moat him ek melde
Op 23 juni set SC Hearrenfean útein mei de tarieding op it nije fuotbalseizoen. Allinnich Christian Grindheim, Tarik Elyounoussi en Filip Djuricic krije fiif dagen ekstra fakânsje omdat se langer trochfuotballe hawwe.
Elyounoussi spile ôfrûne snein syn lêste wedstriid foar Lillestrom SK. De Noarske lieding hie de hope dat de Hearrenfean-hierling langer bliuwe koe. Mar neffens algemien direkteur Yme Kuiper is dêr gjin sprake fan.