Drege kompetysjestart H'fean

Rons Jans begjint mei PSV thús
Ron Jans hie him in geunstiger start fan de nije kompetysje winskje kind. De Hearrenfeantrainer begjint it seizoen 2010-2011 mei in thúswedstriid tsjin PSV en in wike letter moat de ploech it yn Enschede opnimme tsjin de regearend lânskampioen FC Twente. Dat stiet yn it geheime konsept dat troch de KNVB stjoerd is nei alle klups, de plysje en gemeenten.
Alle partijen hawwe oant woansdei om wizigings troch te fieren. Woansdei wurdt it definitive skema bekend makke.