Fytser (16) ferwûne troch auto

07 jun 2010 - 10:08

In 16-jierrige fytser út Ljouwert is sneintejûn op de Grinzerstrjitwei ferwûne rekke doe't er oanriden waard troch in auto.

De jonge fytste oer it fytspaad doe't er ynienen it sebrapaad oerstuts. In 27-jierrige automobilist út Ljouwert koe him net ûntwike. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)