Pijper en Fabriek yn EK finale

06 jun 2010 - 20:32

Theo Pijper en Dirk Fabriek ha harren snein pleatst foar de finale fan it Europeesk kampioenskip gersbaan. Yn de heale finale yn Bielefeld waard Theo Pijper twadde en Dirk Fabriek tredde. Pijper pleatste him rjochtstreeks foar de A-finale, Fabriek moast dat dwaan troch by de earste twa yn de B-finale te riden. De oerwinning yn Bielefeld wie foar de Dútser Stephan Katt.

Jannick de Jong moat him yn july yn Aduard sjen te pleatsen foar de EK-finale. Dy is yn augustus yn La Reole.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)