Skearnegoutumer agressyf
In 22-jierrige man út Skearnegoutum is sneontenacht oanholden yn de Peperstrjitte yn Snits foar mishanneling. De plysje krige in melding fan slaanderij.
It die bliken dat de fertochte in 33-jierrige frou en in 27-jierrige man út Snits slein hie. De fertochte is oanholden en fêstset op it plysjeburo.