Lemster dielt klappen út
De plysje hat sneontenacht in 27-jierrige Lemster oppakt foar mishanneling. Op it Fedde Schurerplein wie slaanderij. De plysje trof dêr trije manlju oan mei it gesicht ûnder it bloed. Se seine dat de 27-jierrige Lemster slein hie.
De man fersette him bot by syn oanhâlding. It slagge de plysje úteinlik om him yn de plysjeauto te krijen. Hy is fêstset.
Trefwurden:
argyf