Jonge driget mei mes

06 jun 2010 - 13:28

In 18-jierrige jonge út Ljouwert is sneontenacht oanholden om't er in plakgenoat mei in mes bedrige hie. It slachtoffer ferklearre tsjin de plysje dat er op de Skrâns troch trije minsken mei in mes bedrige wie.

De plysje seach de manlju rinnen op de Hollanderdyk. De 18-jierrige fertochte hie in mes by him. De jonge waard nei it buro brocht, syn mes is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)