Kleaster mooglik yn Jorwert

06 jun 2010 - 10:51

De stifting Nijkleaster wol in kleaster yn of by Jorwert realisearje. De stifting wol de plannen fierder útwurkje mei de Protestantse Gemeente Westerwert. Dy beslacht it gebiet fan de doarpen Bears, Jellum, Jorwert en Weidum. De stifting wol in nij kleaster yn Fryslân stiftsje. It moat in tsjerklik sintrum wurde, dêr't minsken har yn alle rêst werom lûke kinne en elkoar moetsje kinne. Minsken kinne der foar koartere of langere tiid ferbliuwe.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)