Soarch oer sûnenssifers
De gemeente Ljouwert makket him bot soargen oer in part fan de begrutting fan de Hulpverleningsdienst Fryslân. Benammen de finansjele ûntwikkeling fan it ûnderdiel Openbare Gezondheid is neffens de gemeente soarchlik. Dêr is oer 2009 in tekoart ûntstien fan dik in ton.
Neffens de gemeente moat der in bettere planning komme op dit ûnderdiel. Oer de hiele begrutting sjoen helle de tsjinst in posityf resultaat fan hast 9 ton.
Trefwurden:
argyf