Huisman wint fan Bob de Vries

05 jun 2010 - 22:39

Sjoerd Huisman hat mei in spektakulêre spagaatsprint syn earste Nederlânske titel inline-skaten op de maraton wûn. Yn Rijssen wie Bob de Vries fan De Haule yn de lêste omloop fan goed 1700 meter útnaaid. It like derop dat de broer fan Elma de Vries, foar de sechsde kear kampioen by de froulju, it feest folslein meitsje soe.

It lêste stik nei de einstreek gong heuvelop. Doe rekke de gong by De Vries derút en kaam Andijker Huisman krekt op tiid mei syn skeelerspagaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)