Aksje Ferwert kankerbestriding

De Samenloop voor Hoop by de sporthal fan Ferwert hat 15.000 euro opbracht foar KWF Kankerbestriding. Oan it evenemint diene 30 sponsorteams mei dy't 24 oeren oanienwei kuiere hawwe. Under it rinnen wie der omtinken foar minsken dy't kanker hawwe of hân hawwe. De hiele jûn en dei troch wiene der optredens om it publyk te fermeitsjen.
It evenemint is hielendal troch frijwilligers organisearre. Der wiene gjin útfallers ûnder de kuierders.