Topdrokte yn Ljouwert

De tafels binne al dekt foar de VNG-besikers
Topdrokte de kommende dagen yn Ljouwert. Sa komme der in pear tûzen bestjoerders fan gemeenten nei de Fryske haadstêd foar it lanlik VNG-kongres, moandei en tiisdei. Fierder rint de stêd snein fol fanwege de Ljouwerter maraton.
It WTC-expo yn Ljouwert is moandei en tiisdei it ûnderkommen fan sa'n 2500 gasten: boargemasters, wethâlders en amtners út it hiele lân. Op de Ljouwerter maraton komme ek tûzenen minsken ôf.