Man rint oer auto hinne
In 27-jierrige Ljouwerter is freedtejûn oanhâlden nei't er yn Harns oer de auto fan in bewenner fan de Nicolaas Bauerstrjitte rûn wie. De auto rekke skansearre en de plysje waard derby helle.
De plysje koe de man yn in wenning yn de strjitte oanhâlde. Dêr die bliken dat de man noch 41 dagen yn de gefangenis sitte moat.