Man stelt autotsjillen

05 jun 2010 - 13:57

In 51-jierrige man út It Hearrenfean is freedtejûn oanhâlden nei't er op it carpoolplak oan de Statjonswei yn Grou tsjillen fan in auto stellen hie. Tsjûgen trapearren de man en notearden syn kenteken.

Doe't de man mei de stellen tsjillen by syn hûs oan de Badwei kaam, stie de plysje him al op te wachtsjen. Neist de tsjillen fûn de plysje noch mear stellen ûnderdielen yn de auto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)