Saak Club Q bliuwt ûndúdlik

05 jun 2010 - 13:37

It Iepenbier Ministearje betwifelet oft it oait hielendal dúdlik wurdt wat him yn de nacht fan sneon 17 op snein 18 april ôfspile hat yn Club Q yn Noardburgum. De 16-jierrige Redmar Smedema waard dêr mishannele en kaam dêrby om it libben.

Der sitte noch trije minsken fêst. It giet om in 18-jierrige jonge út Damwâld en in 17-jierrige jonge út Feanwâlden. Sy sitte it langste fêst. In 19-jierrige jonge út Damwâld is opnij fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)