Slachtofferhelp nedich

05 jun 2010 - 12:58

It slimme ûngelok woansdei op de Snitsertrekwei yn Ljouwert hat ek grutte gefolgen foar de tsjûgen dêrfan. Twa racende auto's skepten op de dyk in 50-jierrige frou út Frjentsjer. Se fleach in pear meter troch de loft en rekke swier ferwûne.

It ûngelok barde op in drok plak dus der wiene in soad tsjûgen. Dy krigen slachtofferhelp oanbean. Jetty Postma út Ljouwert koe de frou earste help ferliene, mar krige letter in flinke weromslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)