Kuierpaad troch Kollumerpomp

Ynwenners fan Kollumerpomp kinne einlik ris gesellich te kuieren troch har eigen doarp. Sneon is der nammentlik in nij kuierpaad iepene dat troch de natuer rint. Earder wiene der allinnich mar strjitten troch it doarp en dat is dreech as je ris op in snein te stappen wolle.
It paad koste goed 150.000 euro, mar dan ha je ek in stevich en duorsum betonpaad fan sa'n 18 sm dik. Goed sân jier hat de Kuierpaadkommisje dwaande west om it paad te realisearjen.