Treinen ride dit wykein net

04 jun 2010 - 21:18

ProRail hat ien fan de drokste wykeinen fan it jier útsocht om yn Fryslân oan it spoar te wurkjen. Neist de maraton yn Ljouwert is der ek in grut kongres yn de haadstêd. Der wurde hûnderten minsken ferwachte.

De wurksumheden stienne al in hiel skoft pland. Dêrneist is it de kommende tiid elk wykein in drokte fan belang yn Fryslân. Nettsjinsteande de drokte fan dit wykein ferwachtet ferfierder Arriva gjin grutte problemen. Der wurde bussen ynset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)