Earepinning foar Henstra

04 jun 2010 - 19:50

Klaas Henstra út Burgum is eareboarger fan de gemeente Tytsjerkseradiel. Freed krige hy fan boargemaster Gerrit Jan Polderman de earepinning. It is 14 jier lyn dat dizze erkenning foar it lêst oan ien jûn waard.

Henstra hat it streekmuseum yn Burgum oprjochte en hat him dêr tsientallen jierren aktyf foar ynset. Dat die er as archeolooch, publisist, sprekker, skriuwer, samler en frijwilliger. Henstra sjocht de pinning as in oanset foar in nije karriêre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)