Ungelok op de pier fan Holwert
Op de Grandyk, de dyk fan Holwert nei de fearhaven, is oan de ein fan freedtemiddei in motorrider ûnderút gien. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.
It slachtoffer is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. Der is ek noch neat te sizzen oer de ferwûnings fan de motorrider.