Frou-oanrider noch langer fêst
De 33-jierrige Ljouwerter dy't woansdei op de Snitsertrekwei yn de haadstêd in fytser skepte, bliuwt noch in tal dagen fêstsitten. Hy wurdt uterlik takom tiisdei foarlaat oan 'e rjochter-kommissaris.
Yn tsjinstelling ta eardere berjochten wie de fertochte net oan it strjitracen mei in 22-jierrige stedgenoat. Hy woe ferhaal helje nei in akkefytsje earder op in rotonde. De 22-jierrige Ljouwerter is nei ferhear wer frijlitten.
Trefwurden:
argyf