'Weekeindje Weg' weromfluite

04 jun 2010 - 14:10

It Iepenbier Ministearje hat in 23-jierrige Ljouwerter ûnterjochte in wykein fêsthâlden. Dat bepaalde it gerjochtshôf yn Ljouwert yn in heger berop. De man waard fertocht fan kafeegeweld. Hy hat sechtsjin oeren te lang yn foararrest sitten.

It hôf is net bliid mei de nije oanpak fan it OM om útgeansgeweld yn Ljouwert en Snits oan te pakken. Fertochten fan geweld wurde yn it wykein oanhâlden en pas moandei wer frijlitten. Dat hat de namme 'Weekeindje Weg' krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)