Undersyk nei gastfrijheid

04 jun 2010 - 12:22

Restaurants, hotels en musea yn Ljouwert kinne de kommende tiid besite krije fan minsken dy't ûndersykje hoe gastfrij dy ynstellings binne. Fyftjin mystery guest fan Marketing Leeuwarden gean as gewoane toerist de stêd yn.

De kontroleurs sjogge net allinnich nei de gastfrijheid fan 'e ynstellings en it ferfier, mar ek nei de tagonklikens fan 'e websites en hoe't meiwurkers oan de tillefoan binne. De sfear yn 'e winkelstrjitten heart ek by it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)