Grou krijt echte muzyktinte

Grou krijt in echte muzyktinte mei iepenbiere wc's op it Halbertsmaplein. Der stjit op dit stuit in staketsel dat op in muzyktinte liket. Dat is ferkocht oan in oar doarp. De nije muzyktinte moat tusken de twa en trije ton kostje. Dat jild is der lang om let. It jierliks ûnderhâld kostet 10.000 euro en dêr draait de gemeente foar op. It wurk set oer in pear wike útein en is augustus klear.
Der komme kamera's en felle lampen tsjin omhingjende jeugd. It húske is tagonklik mei spesjale muntsjes.