Lilke fytsfernieler oppakt

04 jun 2010 - 09:50

In 23-jierrige man út Wolvegea is tongersdeitejûn yn Wolvegea oanhâlden foar mishanneling, fernieling en mislediging. In oare man seach dat de Wolvegeaster by it stasjon fytsen fernielde. Doe't de man dêr wat fan sei, bedrige en mishannele de Wolvegeaster him. Dêrnei naaide er út.

De oare man belle fuortendaliks de plysje. Dy koe de man efkes letter oanhâlde. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo en sit fêst

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)