Gjin hûsnûmers lâns dyk

Achtkarspelen fynt reflektorpealtsjes net nedich
Achtkarspelen wol toch gjin reflektearjende pealtsjes mei hûsnûmers lâns de diken yn it bûtengebiet delsette. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders sjocht gjin needsaak foar de pealtsjes.
It FNP yn de gemeente hie dêr wol om frege omdat de hûsnûmers yn it bûtengebiet faak net goed te sjen binne foar helptsjinsten. Neffens it kolleezje fine de helptsjinsten it troch navigaasje-apparatuer lykwols net dreech.