F16-demoteam nei Denemarken

03 jun 2010 - 21:09

Kaptein-fleaner Tobias Schutte fan it F16-demonstraasjeteam fan de Ljouwerter fleanbasis docht dit wykein mei oan in fleanshow yn it Deenske Skydstrup. Om dy reden is de Ljouwerter basis no sneontemiddei iepensteld foar it fuortgean fan twa F16-fleanmasines nei Denemarken.

It F16-demoteam fan de Keninklike Loftmacht fersoarget alle jieren sa'n 25 demonstraasjes by ynternasjonale loftfearteveneminten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)