Kriminele kreaker oppakt

03 jun 2010 - 14:22

Op It Hearrenfean is in kreaker (29) oanhâlden dy't fertocht wurdt fan ynbraak, heling en drugsbesit. De plysje hie in tip krigen dat yn in hûs oan 'e Uilevlucht drugs en stellen ark lizze soe. Dêr oankaam sei de man dat de wenning mear as in jier leech stie en dat er him dêrom kreake hie.

Yn de garaazje lei in grutte partij ark. In part dêrfan is stellen, sa die bliken. Yn it hûs waard ek speed fûn. De kreaker is fêstset en it guod is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)