Weening net yn Tour-seleksje

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is net opnommen yn de Rabo-seleksje foar de Tour de France. Hy stiet tegearre mei Bram Tankink op de reservelist. Ferline jier moast Weening de Tour ek al oan him foarby gean litte.
Yn de Giro d'Italia, dy't de ôfrûne trije wiken ferriden is, ried Weening wol mei. Hy einige op it 24e plak yn it einklassemint. Yn totaal die Weening fjouwer kear mei oan de Tour, fan 2005 oant en mei 2008.