Club Q-fertochte frijlitten

03 jun 2010 - 11:20

De Westereender (20) dy't dizze wike oppakt is yn 'e saak Club Q is woansdei wer frijlitten. De offisier fan justysje seach gjin reden mear him noch langer fêst te hâlden. Undúdlik is noch oft de Westereender fertochte bliuwt yn 'e saak.

By de fjochtpartijen yn en om Club Q yn Noardburgum kaam mids april Redmar Smedema om it libben en rekke Gerard Dijkstra swierferwûne. Der binne fiif fertochten oppakt. Fan harren sitte noch twa fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)