Herdershûn falt frou oan

In 41-jierrige frou út Ljouwert is woansdeitenacht ferwûne rekke doe't in herdershûn har biet. Se rûn op 'e Sudergrêftswâl en woe smoargens yn in ôffalbak dwaan doe't de hûn har oanfoel. De frou rekke dêrby ferwûne oan 'e rjochter ûnderearm. De eigner fan 'e hûn die neffens de frou neat om it bist fan har ôf te heljen.
In buertbewenner hat de frou opfongen. Se is nei it sikehûs brocht foar behanneling. De plysje docht fierder ûndersyk nei de saak.