Shovelfernieler yn Harns pakt

03 jun 2010 - 10:51

Yn Harns is woansdeitejûn in 27-jierrige ynwenner fan 'e havenstêd oanhâlden om't er op 'e Westerseedyk it rút fan in shovel fernield hie. Boufakkers hiene de man dwaande sjoen en koene in goed sinjalemint trochjaan oan 'e plysje.

Doe't de fernieler de plysje yn 'e gaten krige, naaide er gau út. Letter waard er dochs noch fûn en oanhâlden. Tsjin de Harnzer is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)