Mooglik mear opfang Ingwierrum

It Leger des Heils wol de opfang yn Ingwierrum flink útwreidzje. Yn it sosjaal pensjon yn it doarp is op dit stuit plak foar tsien minsken. De opfang sit yn in boerepleats. Nei in ferbouwing en útwreiding kinne dêr oant 28 minsken tydlik wenje.
It Leger des Heils hat in oanfraach foar de útwreiding yntsjinne by de gemeente Dongeradiel. De riedskommisje Grûngebiet wie woansdeitejûn tige posityf oer de plannen.