Mear flechtlingen opnimme

Fryske gemeenten moatte folle mear flechtlingen opnimme. It giet dan om flechtlingen dy't yn Nederlân bliuwe meie. Neffens de provinsje nimme gemeenten minder asylsikers op as ferplichte. Gemeenten en wenningboukorporaasjes moatte huzen oanbiede oan asylsikers, mar dogge dat fierstente min. Dêrtroch witte de flechtlingen net dat se in hûs yn Fryslân krije kinne.
Neffens wethâlder Eckhart fan Snits wurdt der op dit stuit hurd oan wurke.