Fytster swierferwûne
In noch ûnbekende fytster is woansdei oan de ein fan de middei swierferwûne rekke by in ûngelok op de Snekertrekweg yn Ljouwert. De frou waard skept troch in auto doe't se de dyk oerstuts. Se is swierferwûne nei it sikehûs brocht.
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. Der wie mooglik in twadde auto by belutsen.