Minder fuotbalklups Ljouwert

Fan de tolve fuotbalklups dy't Ljouwert no ryk is, bliuwe yn de takomst mooglik in stik of acht oer. Dat docht bliken út in mienskiplik ûndersyk fan de KNVB distrikt Noard en de gemeente Ljouwert.
It ûndersyk is al oan de fuotbalklups presentearre en dy steane achter de útkomsten. Sa binne der twa klups mei minder as hûndert leden. In oar punt is it gebrûk fan fjilden. Guon klups hawwe eins mear as genôch romte, mar oaren sitte fierste krap.