Ielfiskers betelje sels mei

02 jun 2010 - 16:35

De Fryske ielfiskers en ielkwekers wolle mei har lanlike kollega's no ek sels jild útlûke om de iel as fisksoart foar Nederlân te behâlden. De ferskate beropsgroepen ha mei-ekoar de stifting Dupan oprjochte, dat stiet foar Duurzame Palingsector Nederland.

Neffens de fiskers giet it dêrby om in ynvestearring fan inkele miljoenen. Dat is mooglik om't yn ús lân sa'n 600 minsken yn de ielsektor wurkje mei in totale ekonomyske wearde fan 250 miljoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)