Stoomtrein noch miljoen nedich

De stoomtrein dy't tusken Snits en Starum ride moat, mei net tsjinhâlden wurde troch it tekoart dat der no is. Der is noch ien miljoen euro nedich om it spoar oan te passen. Neffens CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe is dat bedrach oer te sjen en moatte de provinsje en pro-rail der mei goed oerlis útkomme kinne.
De Rouwe sil ek sjen oft der mooglik noch jildpotsjes binne. It tekoart soarget foar problemen foar Stifting Stroomtrein Fryslân.