Fryske foarlêswiken begûn

Foarlêze op 't Pikehokje yn Terwispel
Pjutten, skoalbern en de âlderein kinne dizze wiken wer genietsje fan Fryske ferhalen. Fan 1 oant en mei 15 juny is it fyfde Fertel- en Foarlês Festival. Twa wiken lang wurde troch de hiele provinsje ferhalen ferteld en foarlêzen troch ûndere oare museummeiwurkers en Fryske skriuwers.
Foar de lytskes wurdt foarlêzen út it nijste Tomke-boekje oer Tomke en Romke yn it ferkear. Boargemaster Ravestein fan Opsterlân die dat woansdei op it pjutteboartersplak yn Terwispel.