Tsjûgen mishanneling socht

02 jun 2010 - 10:04

De plysje siket minsken dy't mear witte oer in swiere mishanneling, dit wykein yn Wolvegea. In 37-jierrige man út Wolvegea waard yn de nacht fan sneon op snein skopt en slein troch fjouwer ûnbekende jongeren. De man rûn dêrtroch ûnder oare in harsenskodding en brutsen eachkas op. Ek waard syn telefoan stellen.

De man wie earder út in hoareka-gelegenheid set omdat er him ferfelend gedroech. De plysje hopet mei help fan tsjûgen de dieders oanhâlde te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)